Sluswachter Bakkeveen, juni 2018

Page 23

Lokatietieheater Oerlibje. Dizze foarstelling merket him troch de hjoeddeistige tematyk en de ferbining mei de (oare) mienskip(pen). De ferbining tusken jong en âld komme yn dizze foarstelling byelkoar. De striid dy’t hâlden wurdt mei Bigg Brother is watching you, ek in hjoeddeisk ûnderwerp mei in tsjokke fette knipeag nei de taal Frysk/Nederlâns. "Der wurdt gjin Nederlâns sprutsen yn de Haadstêd". Hoe hâldst dysels steande as persoan yn in earmoediche maatskippij wêrby de diktatuur oerwinning fiert, wêr eangst en honger hearskje? Hokker aspekt skept nea eangst of panyk? Want hoopje docht libben en de dea wurdt ynienen net mear wichtich? Dat is leafde, freonskip en famylje! Yn dizze foarstelling komme de hjirboppe neamde ûnderwerpen oan bod, spile troch bern, jongeren en folwoeksenen. Dizze absurdistische foarstelling giet oer de maatskippij fan Banevka (ferkapping fan Bakkefean. Banevka bestiet út 5 ferskillende mienskippen (oarspronklik gemeente) Opsterlân, Like, Smellingerlân, Oostellingwerf, Noorderveld).

23

De foarstellingen wurde hâlden yn de perioade fan 23

juny oant 1 july en spilje him ôf op de sânflakte yn de dúnen fan Bakkefean en nei it skoft yn it swimbad Dúndelle. Kaartferkeap: info@dundelle.nl Telefoan: 0516 541493 Foarferkeap: € 12,50 Bern oant en mei 12 jier heal jild Kaart jouwt rocht op 1 konsumpsje 23,24,30 juny oanfang: 20.30 1 july oanfang 16.30 Alles wat jo fierder witte wolle kinne jo fine op www.bakkeveen.nl/toneel Oerlibje is in produksje fan: Jeugdtheater Bakkefean, Toanielselskip Nij Bigjin mei gearwurking fan ‘t de Radius project fan Allardseag.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.